KNKB jonges t.e.l. 7 maaie 2017

Nei in iepeningswurd fan de TC giet krekt foar 10.00 giet de earste KNKB wedstryd fan 2017 yn de jonges-kategorie los. It is moai waar en elkenien hat der wer sin yn. Keatsers en taskôgers, mar ek bestjoer en frijwilligers út Mantgum. We ûntfange al jierren as earste wedstriid de jonges en dat befalt goed.

Der wurdt fanatyk én goed keatst. Sa wie it hjoed ek wer. In soad spannende partijen, striid, fanatisme en in sportieve groep. En mei trije Mantgumer keatsers wienen de favorieten fan te foaren al dúdlik. Spitichernôch ferlearen twa fan de trije de earste omloop. Mar sy lieten har net kinne en foar eigen publiek keatsten se harren dochs noch yn de prizen. Ignas Dijkstra hâldt it it langst fol en pakt mei syn maten de tredde priis. De earste priis gie nei Pieter Jan Leijenaar, Chris Miedema en Martijn Wiersma. Dizze Pieter Jan Leijenaar kinne wy as feriening noch wol. Twa jier lyn soarge hy er mei syn maten foar dat de oerwinning op it NK yn Minnertsgea krekt net troch it Mantgumer partoer behelle wurde koe. Jonges, bedankt foar de leuke (en lange) dei! In soad sukses dit jier en fest oant oar jier! Winners: 1e priis: 9) Pieter Jan Leijenaar (Exmorra), Chris Miedema (Sint Anna), Martijn Wiersma (Kimswerd) 2e priis: 19) Markus Heeringa (Reduzum), Mark Polstra (Menaam), Wessel van der Woud (Goutum) 3e priis: 24) Dirk-Henk Kuipers (Arum), Anco Vroom (Britsum), Jeroen Haarsma (Minnertsga) 12) Gerben de Boer (Gaast), Ignas Dijkstra (Mantgum), Jort Norder (Franeker) Ferliezers: 1e priis: 23) Marten Jansen (Sexbierum), Jelmer Dijkstra (Exmorra), Karel Monfils (Kimswerd) 2e priis: 10) Allard van Wigcheren (Berltsum), Gjalt de Groot (Mantgum, Sytse Koree (Anjum) 3e priis: 2) Wessel van Wier (Peins), Stan van den Berg (Grou), Arjen Talsma (Mantgum)

Geplaatst op 11 May 2017